III.1 FEDDE DOEKLES, timmerman yn Mildam berne om 1710 hinne - stoarn 1774/75 Mildam x Hendrikje Jans, yn 1733 berne om 1710 hinne - stoarn 1784/85 Mildam Út dit houlik: 1. Lolkje 1734 Mildam 2. Jan 1736 Mildam 3. Doekle 1740 Mildam 4. Jantje 1745 Mildam 5. Hendrik 3-7-1748 Mildam |
At der yn 1747 in nije dominee yn it Skoat en omkriten komt is de administraasje fan de gemeente goed yn 'e war. Fan foar dy tiid bin der ek gjin doop- en trouboeken bewarre bleaun. Hy makket dêrom in list fan alle lidmaten mei harren bern, en sa fine wy ek Fedde Doekles en syn hushâlding beskreaun:
Yn 1736 wennet Fedde Doekles yn 'een huiske' yn Mildam, dat hy hiert fan Jan Meeuwes erven foar 15 goune jiers:
Yn 1737 komt Fedde yn 'e argiven foar omdat hy dan twa kear in hûs keapet, earst in grut hûs bûten de buorren, dat hy flak dêrnei ruilet foar in hiel wat lytsere klinte yn 'e buorren.
Hjir folget de tekst fan de akte:
Fedde Doekles, timmerman tot Mildam, biedt boden en consenten op de coop van seekere huis en seeventig hout voet grond agteruit, en voor tot aan de sloot, strekkende ten westen aan de Oisdrup en ten oosten aan de sloot, vrij van grondpagt, en moet de cooper de gekogte grond agter deese huisinge selfs bestekken en onderhouden, aan te vaarden op maij 1737, wordende tegenwoordig by Lysbeth Rieuwerts bewoont en gebruikt, hebbende ten oosten Uilke Heeres c.s., ten westen de vercoper, ten zuijden de weg een ten noorden de vercoper aldus in coop bekoomen van Jan Fokes, mr. brouwer tot Mildam, voor de somma van 131 Car.gld.
1e procl. 16-1-1737
De twadde akte is in 'wandelcoop', dat is in ruilkeap dêr't ien fan beide partijen (eventueel) bybetellet. Blykber hat Fedde Doekeles earst efkes fierder sprong as syn pols lang wie, want hy krijt mar leafst 90 goune ta, sadat dit hûs op 41 goune komt.
Fedde Doekles timmerman ter eenre, en Teunis Jans ter anderen zijden, beide wonende tot Mildam, bieden boden en consenten op navolgende wandelcoop bij dewelke Fedde Doekles in eigendom overdraagt aan Teunis Jans sijn huisinge en hovinge c.a. staande en gelegen tot Mildam buiten de buiren hebbende tot naastlegers ten oosten Uilke Heeres c.s. ten zuiden de weg, ten westen en noorden de brouwer Jan Fokes wordende tegenwoordig by Lysbeth Rieuwerts bewoont en gebruikt, dog op den 12 maij 1737 vrij van huir en als dan aan te vaarden waartegens Teunis Jans weederom heeft toegestaan en in eigendom heeft overgedragen aan Fedde Doekles seekere huisinge c.a. staande en gelegen tot Mildam in de buiren wordende tegenwoordig door hem selfs bewoont en gebruikt hebbende tot naastlegers ten oosten `t Dorp, ten suiden Tjeerd Jeens, ten westen Jan Ypes erfgen., en ten noorden de weg en daar te boven beloofd tot een toehake aan Fedde Doekles de somma van 90Cargld te betalen op St Jakob 1737 1e procl. 1-5-1737
Yn'e reëelkohieren stiet it hûs omskreaun as 'een huis en hofke' under Mildam 81.
Dat it by Fedde en Hendrikje gjin fetpot wie docht ek bliken út de Quotisatiekohieren fan 1749: út de belestingoanslach kin opmakke wurde, dat it kaptaal fan Fedde Doekles ...... nihil west ha moat.
Yn'e spesykohieren stiet Fedde Doekles ûnder nûmer 42. Hy betellet foar ien skoarstien en, om't syn kaptaal minder as 600 goune is, foar twa persoanen heal jild. Hy hat gjin fee. Yn 1775 fine wy dêr 'Fedde Doekles wed.', yn 1785 stiet der byskreaun 'overleden'.
Yn'e selde kohieren stiet yn 1776 byskreaun 'een dogter minder'. It soe fansels wêze kinne dat it hjir om it ferstjerren fan Lolkje giet, mar wierskynliker is dat Jantje it hûs útgien is.